Wjerspegelje-projekt kompleet: gedichten op mear as 200 lokaasjes yn Fryslân
By it wer iepen gean fan winkels, hoareka, musea, biblioteken en gebouwen fan de oerheid kamen yn trije rondes hieltyd mear gedichten op spegels yn de húskes foar it ljocht. It projekt is no kompleet, mei fyftich gedichten fan 28 dichters op twahûndert lokaasjes.
Lês alle gedichten en besjoch alle lokaasjes op de webside fan Merk Fryslân.