Foto: Istock

Workshop Frysk foar ynboargerers yn Achtkarspelen

Leare & ûnderwiis Oer it Frysk
11 febrewaris 2022
Achtkarspelen is de earste Fryske gemeente dy't har ynboargerers in workshop Frysk oanbiedt. Afûk, ROC Friesland College en de gemeente jouwe de workshop yn oparbeidzjen meielkoar. Wethâlder Margreet Jonker is bliid mei dy primeur: ‘In onze dorpen wordt veel Frysk gesproken. Voor de sociale integratie is het daarom goed dat inburgeraars ook hiermee kennismaken. We kunnen van inburgeraars niet verwachten dat zij naast Nederlands tegelijkertijd ook het Frysk machtig worden. Wel hopen we dat inburgeraars, nadat ze hun inburgering hebben afgesloten, doorgaan met leren van de Fryske taal. De workshop is een kennismaking met de taal.’

Dit jier wurde der trije workshops organisearre yn ynboargerers dy’t it Nederlânsk al reedlik behearskje. Yn maaie set de earste útein. Achtkarspelen hopet op dy wize by te dragen oan bewustwurding fan de meartaligens fan Fryslân en it learen fan in tal Fryske wurden. ‘Wij willen ook de directe omgeving in contact brengen met de nieuwkomers,’ seit Margreet Jonker. ‘Daarom worden niet alleen de nieuwkomers maar ook inwoners van onze dorpen uitgenodigd om samen in ‘petear’ te gaan over cultuur.’ Underwerpen dy’t ek oan bod komme binne ferskillen yn wurkkultuer, hiërargy, al of net eachkontakt meitsje of bygelyks de ferhâlding tusken man en frou. De kursus is net ferplichte.

Nei de workshop
De pilot hat as doel om yn ‘e kunde te kommen mei it Frysk. Ynboargerers dy’t nei ôfrin motivearre binne om it Frysk te learen, wurde oanmoedige om der fierder mei te gean. Nei ôfrin fan de workshop kinne dielnimmers in jier lang fergees gebrûk meitsje fan Edufrysk. Mei dy digitale lesmetoade kinne nijkommers selsstannich fierder leare. Ek kin der in reguliere kursus fan de Afûk folge wurde. De gemeente soarget foar it kursusjild as de ynboargerer dat sels net betelje kin.

Pilotgemeente
De Afûk hat Achtkarspelen keazen as pilot-gemeente. De pilot wurdt yn 2023 evaluearre en as it goed giet dêrnei útrôle oer hiel Fryslân. Provinsje Fryslân finansierret it projekt.

Nije wet ynboargering
Fan 1 jannewaris dit jier ôf, ha gemeenten de regy yn it ynboargeringsproses. Mei dizze workshop docht de gemeente rjocht oan de taal en kultuer fan de provinsje en jout Achtkarspelen, boppe op de wetlik ferplicht ûnderdielen, eigen ynfolling oan de nije wet ynboargering.