Wurdian, een nij wurdspultsje, ek yn it Frysk

Frije tiid
20 jannewaris 2022
Ronald van den Berg (42) spile jierrenlang Wordfeud mar steurde him oan it gebrek oan updates en ferbetterings fan de wrâldferneamde Scrabble-app. Dêrom ûntwurp hy in eigen, bettere én opfallend útwreide fariant: Wurdian.

Wurdian hat mear spulmooglikheden, do kinst dyn statistiken besjen sûnder datst der foar hoechst te beteljen en der sitte ferskate features yn dy’t Wordfeud net hat.

Minsken mei in bytsje kennis fan de Fryske taal ha faaks it wurd ‘wurd’ al yn de namme ‘Wurdian’ opmurken. Dat kloppet en is net tafallich. Ronald van den Berg seit dêr yn in interview mei it Algemeen Dagblad (12/1/2022) oer: “Ik wilde per se een naam die bestaat uit 7 letters en daarnaast een connotatie heeft met taal en een beetje hip klinkt. Na lang zoeken kwam ik op Wordian uit, maar die naam was niet langer beschikbaar in de App Store. Ik heb de naam toen veranderd naar Wurdian … Wurd is het Friese woord voor ‘woord’ – de app is trouwens ook in het Fries te spelen. Oorspronkelijk kom ik uit Friesland, maar mijn vrouw is Zweedse en sinds 2015 ben ik woonachtig in Zweden.”

No datte.

Lês it hiele ynterview hjir.

Wurdian is der foar Android en IOS.