Wurdsto ús nije kollega?

Leare & ûnderwiis
21 july 2022
De Afûk is in aktive, ûndernimmende organisaasje, dy’t as doel hat om de Fryske taal yn alle geledingen fan ús Fryske mienskip in folweardich plak te jaan. In sterke gearwurking mei it ûnderwiis fine wy essinsjeel foar in moaie takomst fan de Fryske taal. Wy binne op syk nei twa nije kollega's!

Wy sykje in: Haad ûnderwiis foar 28 oant 36 oeren wyks. In útdaagjende baan yn in dynamyske organisaasje dêr’tst echt it ferskil meitsje kinst foar it Frysk yn it ûnderwiis. Wat foar dy?
Sollisitearje kin oant 2 septimber o.s. Besjoch de fakatuere hjir.

En wy sykje binnen it ûnderwiisteam in: Projektmeiwurker ûnderwiis foar 24 oant 32 oeren wyks. In ôfwikseljende baan yn in dynamyske organisaasje en − al sizze wy it sels − yn in superleuk team! Wat foar dy?
Sollisitearje kin oant 22 augustus o.s. Besjoch de fakatuere hjir.