Yung Frysk wol statement meitsje mei stikkeraksje
Sabine de jong: “We ha dizze aksje útfierd as in bewustwurdingsaksje. Wy wolle de studinten en dosinten dúdlik meitsje datst it Frysk oeral en altyd brûke meist. Dus ek op skoalle! Wy ha murken en heard dat op skoallen it Frysk noch net altyd akseptearrre wurdt, en dat moat fansels wol. Want in grut part fan de Fryske jeugd kin harren just better uterje yn harren memmetaal.”
Kampanje
Yung Frysk is in kampanje oer it Frysk foar en troch jongerein fan 16 o/m 22 jier. Mei de kampanje wolle jongeren it gebrûk fan it Frysk normalisearje. Net it perfekt praten fan de taal stiet sintraal, mar foaral it stimulearjen om de Fryske taal te brûken. Dêrom makket it team Yung Frysk, besteande út in wikseljende groep studinten fan ferskate opliedings, grappige en dielbere kontent en ûntwikkelje sy hieltyd nije produksjes om sa oaren ek oan te setten om it Frysk (mear) te brûken. Yung Frysk is te finen op Instagram, Tiktok en Youtube.
Yung Frysk is in aktive gearwurking tusken: Aeres, Firda, Omrop Fryslân en Afûk.