De measte Frysktalige radio en telefyzje wurdt fersoarge troch Omrop Fryslân. Omrop Fryslân is de iennichste omrop dy't net yn it Nederlânsk útstjoert. De Omrop biedt alle dagen in grut ferskaat oan radio- en tv-programma's en is ek online hiel aktyf.

Sjoch hjir foar de útstjoerfrekwinsjes fan Omrop Fryslân. Op de nasjonale telefyzje is Omrop Fryslân te sjen op sneons en sneins mei it programma Fryslân Dok. (NPO 2, sneon 15.30 oere, snein 13.00 oere – werhelling).

Tsjil is de (nije) namme dy’t Omrop Fryslân brûkt foar alle programma’s foar bern en jongeren fan 2 oant 15 jier. Fan Kening Hert en Harry Hazze oant Wit Wat en Jennifer to the Max. Omrop Fryslân Tsjil biedt in breed en kleurryk palet oan programma’s en filmkes foar Fryske bern fan 2 oant 15 jier. Alle kontint fan Tsjil, giet út fan it bern of de jongere. Sy binne dan ek de doelgroep. De programma’s en filmkes binne sawol te brûken op skoalle as yn de (online) wrâld fan bern en jongeren bûten de skoalle. Der is ek in Tsjil-app. Download ‘m fia de App store of de Google Play store.

Tomkeradio is der foar bern tusken de 2 en 7 jier âld. De hiele dei binne der sawol ferskes as ferhaaltsjes te hearren op it ritme fan de dei. Dat betsjut: moarns ferskes en ferhaaltsjes foar de lytste bern en middeis ferskes en ferhaaltsjes foar de wat gruttere bern. De Tomkeradio app fynst fansels yn de App – of Google Play store.

Frysk FM is ek in regionale stjoerder dêr’t regelmjittich Frysktalige (pop)muzyk te beharkjen is.

In soad Fryske lokale omroppen hawwe ek in Frysktalich oanbod. Sjoch hjir foar in oersjoch fan de lokale omroppen yn Fryslân.

 

PraatmarFrysk-tv

Fan 2001 oant en mei 2015 makke Praat mar Frysk in rige tv-items van 1 minút, mei ûnder oaren Ferrassingspoëzij, in Taalkwis en Frjemde Fryske Wurden. Besjoch hjir de útstjoeringen of gean nei it YouTube-kanaal fan Praat mar Frysk.

Tomkeradio

Tomkeradio is der foar bern tusken 2 en 7 jier. De hiele dei binne der ferskes en ferhaaltsjes te hearren op it ritme fan de dei. Mear

Skoalle-tv

Fryske skoalletelefyzje bestiet al mear as 20 jier! Der wurde Fryske programma's makke foar alle groepen fan de basisskoalle. Mear

Taalpraatsje

De minsken fan de Praat mar Frysk-kampanje fersoargje tongersdeitemiddeis om plusminus 15.10 oere it taalpraatsje yn it radioprogramma Goeiemiddei op Omrop Fryslân. Mear