It Frysk ûntstie yn de iere midsiuwen. Doe krige it stal as aparte taal en begûn it him te ûnderskieden fan oare besibbe Germaanske dialekten, lykas it Aldingelsk.

Dat Aldfrysk waard by de Noardseekust lâns net allinne sprutsen, mar tusken Fly en Wezer waard it yn de lette midsiuwen, benammen yn wetsteksten, ek as skriuwtaal brûkt. Yn de rin fan de sechstjinde iuw rekke it Frysk as skriuwtaal yn ûnbrûk. Mar in pear lju skreaune it noch. Yn de njoggentjinde iuw waard it Frysk fannijs skriuwtaal. Der ûntstie doe in libben literêr klimaat en de taal ûntjoech him dan ek fierder troch krúsbestowen fan praten en skriuwen. Benammen it Frysk folkstoaniel, dat fan 1860 ôf opbloeide, hat wichtich west.

Offisjele status
It Frysk hat sûnt 1956 yn ‘e provinsje Fryslân in offisjele status dy’t gelyk is oan dy fan it Nederlânsk. Yn dat jier waard yn it Steatsblêd 1956, 242 in begjin makke mei it formeel tastien gebrûk fan it Frysk yn it rjochtsferkear. In útwreiding dêrop waard 39 jier letter fêstlein yn it Steatsblêd 1995, 440. Hoewol’t it fansels yn ‘e praktyk al lang barde, krigen de Friezen doe wetlik it rjocht om harren taal yn gearkomsten fan gemeenterieden en de Fryske Steaten te brûken. Yn 1997 waarden fierders by wet de mooglikheden om it Frysk yn ‘e rjochtseal te brûken, ferromme, sadat no ûnder mear ek it Iepenbier Ministearje en de rjochterlike macht dêr Frysk brûke meie.

De ynwenners fan Fryslân kinne sûnt jier en dei yn it Frysk mei de gemeentlike en provinsjale oerheden kommunisearje en korrespondearje. De provinsje en guon gemeenten hawwe der in beliedspunt fan makke om mear Frysk te brûken by it opstellen fan offisjele dokuminten. Troch in stikmannich wetswizigings binne sokke Fryske stikken no yn hast alle gefallen rjochtsjildich. Ien fan ‘e lêste útsûnderings dêrop wiene de ferieningsstatuten, mar sûnt 2002 kinne dy ek yn it Frysk opsteld wurde. Trou- en berte-akten binne hjoed de dei yn alle Fryske gemeenten twatalich beskikber.

Yn 2014 waard de Wet Gebrûk Fryske Taal fan krêft, dêr’t ferskate eardere bepalings yn byinoar brocht binne. Sa is dêryn fêstlein dat it Frysk en Nederlânsk de offisjele talen fan ‘e provinsje Fryslân binne, en fierders ferplichtet dizze wet de ryksoerheid en Deputearre Steaten fan de provinsje Frysân om periodyk bestjoersôfspraken te meitsjen.

Op Wikipedia fynst in hiel protte ynformaasje oer it Frysk. En hjir fynst mear ynformaasje oer It Europeesk Hânfêst (nije ferzje).