Foto: Jacob van Essen

Eeltsje Hettinga skriuwt lêste gedicht as Dichter fan Fryslân

Boeken fan Fryslan Frije tiid Oer it Frysk
18 novimber 2019
Eeltsje Hettinga hat as Dichter fan Fryslân syn lêste gedicht skreaun, tongersdei wurdt syn opfolger presintearre. It gedicht is spesjaal makke foar skriuwster Aggie van der Meer, dy't yn septimber te hearren krige dat sy de Gysbert Japicxpriis wûn hat en sneon de priis yn ûntfangst nimt.

Under de klokslach fan de Martini

Foar Aggie van der Meer,
Gysbert Japicxpriis 2019

Sjoch de sinne, in fonkjende aster oer
de Apelmerk, dizze hjerstmiddei.

In flap wyn blaast twirjend in stik krante
de terrassen oer: O, dante, dante, net
te tellen deaden yn donker Damaskus.

‘Hoe potticht de earen fan de ivige,
albegearende ferpressers’, ropt
mei de pin yn ’e oanslach de ober
fan Burchwert,‘God sit yn syn bargehok,
smyt út en troch – hjir, ha jim’ ek wat –

in bonke ta it finster út, sis: in lekke
skûte foar samar in bern of faam,
flechtsjend de lege seeën oer, hy, dy’t
har de rêch takeart, ûnferskillichwei foar
al dyjingen dy’t it wurd ôfpakt binne,

mar wat, wat kin ik jim hjirre skinke
op dizze dei fan de lytse Sjong-My,
Triuw-My dame, dochter fan Gysbert,
Piter Jelles en Spinoza, sy, dy’t
út stjerren taal makket, út jiske fûgels snapt.’

Sjoch de sinne, in fonkjende aster oer
de Apelmerk, dizze hjerstmiddei.

Under de klokslach fan de Martini dy’t
oer de Dylakker lûdet, sjongt immen:
O, do, dame, do, mjitter fan ús jierren.

Eeltsje Hettinga, dichter fan Fryslân