Gysbert Japicxpriis 2019 foar Aggie van der Meer
Afûk-útjouwer Ernst Bruinsma: ‘Dizze tiid, dy’t sa alderheislikst yn beweging is, freget om krityske romans wêryn’t de mins en syn bestean djipgeand ûndersocht wurdt. De Achttjin fan Aggie van der Meer is neffens my sa’n boek. Ik beskôgje dizze roman as in hichtepunt yn it sa rike en alsidige oeuvre fan Aggie van der Meer. Miskien is se noch ‘mar’ inkelde desennia warber as skriuwer, se tinkt al wol in hiel libben nei en stelt fragen by de dingen dy’t om har hinne barre. Of, lykas yn De Achttjin stiet: ‘Fragen sûnder antwurden binne gjin lêst, mar fragen dêr’t minsken gjin antwurd op doare te jaan, taaste it tinken oan’.
Advyskommisje
Aggie van der Meer ûntfangt de priis foar har hiele oeuvre. De advyskommisje prizet de skriuwster om har echte, minsklike ferhalen: ‘Aggie van der Meer is gjin auteur fan tsjokke boeken. It wûnderbaarlike sit ‘m yn wat sy yn al har romans en ferhalen, mar ek yn har gedichten, oan rykdom sjen lit. Wy sjogge der allinne mar echte minsken yn. Fan Friezen, Tsjechen oant Sjinezen. Van der Meer krûpt yn de holle fan Roomsken, Kalvinisten, Joaden, en wy fiele mei harren allegearre mei. Hoe’t dat kin? It is troch Aggie’s sosjale, algemien minsklike pinne. Har wurk is kaleidoskopysk, alle kleuren komme foarby, en trochj har linich, natuerlik-psychologysk skriuwerskip begripe wy folle mear fan ússels, en alle oare minsken om ús hinne’.
Gysbert Japicxpriis
De Gysbert Japicxpriis is de meast wichtige literêre priis fan Fryslân. De provinsje Fryslân rikt de Gysbert Japicxpriis om de twa jier út, de iene kear foar proaza de oare kear foar poëzy. Dit jier giet it om proaza ferskynd yn de jierren 2015 oant en mei 2018. De advyskommisje bestie fan ‘t jier út Grytsje Schaaf, Houkje Rijpstra en Atte Jongstra. De priis bestiet út in bedrach fan € 10.000 en in oarkonde.