Ynsjoch yn de psyche fan de minderheidstaalsprekker
Annewiep Bloem en Mirjam Vellinga hawwe de treningen folge. ‘It wie tige ynteressant’ fertelt Mirjam Vellinga. ‘Wy hawwe in soad ekstra ynsjoch krigen yn de psyche fan de ‘minderheidstaalsprekker’. Wêrom giet dy soms sa gau oer nei de mearderheidstaal? Wêrom is it sa lestich om in twatalige konversaasje te hâlden? En wat kinne wy dwaan sadat mear minsken harren taal mei mear selsfertrouwen brûke?’ De nije ynsichten wurde meinommen yn de treningen oer taalgebrûk en taalgedrach dy’t dit jier yn de maitiid úteinsette sille.
Neist de Afûk wiene der fertsjintwurdigers fan Ierske, Welske, Katalaanske en Hongaarske organisaasjes oanwêzich.
Mear ynformaasje oer it projekt is ek te finen op: www.listen-europe.eu