Frysk Diktee ferset nei 16 juny 2020
It Grut Frysk Diktee wurdt ynearsten ferset nei tiisdei 16 juny. Oft it diktee dan ek écht trochgean kin, hinget ôf fan de dan jildende regels oangeande it koronafirus.
It Lyts Frysk Diktee ferfalt dit jier hielendal en wurdt wer holden yn 2021. Dêrta is besletten omdat de skoallen harren net mear goed op tariede kinne op in finale yn dit skoaljier.
Organisaasje
De organisaasje fan it diktee leit yn hannen fan de Afûk, Cedin Expertisecentrum Meertaligheid, de Fryske Akademy en Provinsje Fryslân. Folgje de Facebookside fan it Grut Frysk Diktee https://www.facebook.com/fryskdiktee/ foar it lêste nijs of sjoch op de webside www.fryskdiktee.nl.