Afûk is lid fan it Network to Promote Linguistic Diversity (NPLD)

Oer it Frysk
19 april 2019
De Afûk is dizze wike akseptearre as lid fan it NPLD. Troch dat lidmaatskip is de Afûk ferbûn mei  41 oare organisaasje dy't aktyf binne op it mêd fan taalpromoasje, taalbelied en taallearen. De oare leden komme ûnder oare út Wales, Ierlân, Skotlân, Baskelân, Friulië, Finlân, Kataloanje, Sardinië, Masedoanje en Bretanje. Op it stuit is deputearre Sietske Poepjes foarsitter fan it NPLD.

It NPLD hat as doel  om op Europeesk nivo it bewustwêzen te ferheegjen fan it grutte belang fan taalferskaat. NPLD  stimulearret it dielen fan kennis en ‘best practices’ tusken bestjoeren, beliedsmakkers, útfierders, ûndersikers en saakkundigen út hiel Europa troch it organisearjen fan û.o. byienkomsten en kongressen.

“Troch it lidmaatskip kinne wy direkte ferbiningen lizzen mei oare taalpromoasje-organisaasjes yn Europa, kennis útwikselje en mei-inoar gearwurkje op it mêd fan taallearen, taalbelied en taalpromoasje”, fertelt Mirjam Vellinga, projektlieder by de Afûk. “Dat soarget foar ynnovaasje en mear finansjele mooglikheden om’t wy in berop dwaan kinne op Europeeske regelingen, lykas Creative Europe en Erasmus+ . Troch it bondeljen fan krêften soargje wy der boppedat foar dat it belang fan lytse talen en meartaligens makliker en heger op de ynternasjonale en nasjonale aginda’s fan oerheden en oare organisaasjes komt te stean.”