Afûk-meiwurkers jouwe boeketips foar bern

Frije tiid Oer it Frysk
16 july 2020
In pear wiken lyn joegen wy boeketips foar folwoeksenen, mar no is it de beurt oan de berneboeken. Foaral no yn de fakânsje is it hearlik om mei de bern in moai boek út te sykjen. Meiwurkers fan de Afûk hawwe dêrom harren favorite boek(en) foar dy op in rychje setten. Sawol foar de lytskes as foar de grutsten.

Hieke Rienstra, projektkoördinator foarskoalsk by de Afûk
Oekebakke boem

“Dit foarlêsboek krige ik fan ús heit doe’t ik by de Afûk kaam te wurkjen. ‘Wol tiid oerhâlde om dyn bern foar te lêzen’, hie er deryn skreaun. No, dat hoechst my net te fertellen, foarlêze fyn ik it moaiste dat der is. Mar it iene boek is it oare net, fan guon boeken hast nei in pear kear lêzen wol dyn nocht. Net fan dit boek, dat yn grappige koarte rymkes de dei fan in lyts aktyf famke beskriuwt. Wippe op ‘e wiphin, mei in slakje boartsje, in oaljefant keapje, foar straf op ‘e ‘stoute trep’ sitte, nei it pjutteplak….Foar lytskes hearlik werkenber, se kieze dit boek dan ek hieltyd wer út. En dat fyn ik net slim, want it is minstens sa hearlik om út foar te lêzen.

Tjitske van Dijk, projektmeiwurker primêr ûnderwiis by de Afûk
De GFR

De GFR is in oersetting fan in klassiker. Sokke oersettingen binne altyd wat spannend. Want wat as it ôffalt yn it Frysk? Mar de GFR falt net ôf. It hat fansels alle ynhâld fan it orizjinele ferhaal: de Grutte Freonlike Reus, de nijsgjirrige Sofie, de aaklige reuzen en it dappere plan om in ein te meitsjen oan de rôftochten.

Mar it hat mear: de oersettingen fan de bysûndere wurden dy’t de GFR brûkt binne presys goed. Sels de wurden dy’t yn gjin inkele taal besteane, hawwe hearlike Fryske oersettingen. Se rôlje sa lekker oer de tonge dat ik mar trochlêzen bliuw. En Switsers dy’t nei swit smeitsje, sitte echt net yn de Ingelske ferzje. En sa binne der noch folle mear grappige wurden en sinnen, dy’t de GFR in echt Frysk boek meitsje. In oanrieder, ek (of miskien just) ast it boek al yn oare talen kenst.”

Renske Engbrenghof, meiwurker boekhannel en útjouwerij by de Afûk  
Heksegrytta en It Spûkskip

“In pear moaie berneboeken dy’t ik lêstlyn lêzen ha, binne It Spûkskip fan Lida Dijkstra en Heksegrytta fan Hanneke de Jong. It earste boek binne ferhalen, grappige en oandwaanlike. It ferhaal dat my it meast bybleaun is, is it wier barde ferhaal fan It oranje kofferke út It Spûkskip.

In famke helpt har beppe mei it opromjen, om guod nei de rommelmerk te dwaan. Der komt ek in âld oranje kofferke foar it ljocht, mar dat wol beppe net kwyt. Der blykt nammentlik in hiel ferhaal efter te sitten. Doe’t har beppe in lyts famke fan 7 jier wie, wurde se fan de iene op de oare dei by har mem en bruorkes weihelle. Sy wenne yn Grienlân en waard mei oare bern nei Denemarken brocht. Dêr kamen sy yn in pleechgesin. Se mochten allinnich noch Deensk prate. Nei in jier waarden sy werom nei Grienlân brocht, mar om’t alle bern harren âlders net mear ferstiennen waarden sy yn in tehûs ûnderbrocht.

It boek Heksegrytta giet oer de famkes Grytta en Annemoon.  Annemoon komt oan it begjin fan it skoaljier yn groep 8 nij op skoalle. Alle bern wolle graach freonen mei har wêze. Mar Grytta en har kammeraat Bauke fine har mar wat frjemd. Oarsom fynt Annemoon Grytta ek mar apart. Annemoon hat it gefoel as sjocht Grytta dwers troch har hinne. Se hat ek praat heard fan Grytta har beppe, dat dy hiel apart is en bysûndere krêften hawwe soe. Annemoon bewurket de bern yn ‘e klas sa dat net ien mear wat mei Grytta te krijen ha wol, útsein Bauke. Op in gegeven momint, midden yn ‘e winter, hat Annemoon wat betocht om Grytta hiel bot skrikke te litten. Mar… dat rint hast ferkeard ôf! Gelokkich binne Bauke en syn broer yn ‘e buert. Beide boeken ha ik mei in soad nocht lêzen!”

Nijsgjirrich wurden? Klik hjirûnder om dyn favoryt te bestellen: