BBA op besite by de Julianaskoalle, Snits

23 novimber

De bern fan de groepen 4, 6 en 8 fan de IKC Julianaskoalle yn Snits krije hjoed Berneboeke-ambassadeur (BBA) Lida Dykstra op besite. Sy sil oan de hân fan de boeken yn de Lêskoffer fertelle, foarlêze en fragen beäntwurdzje en ek efkes mei de bern kreatyf oan de slach. Wolle jim de BBA ek ris útnûgje? Sjoch foar mear ynformaasje en opjaan op www.berneboekeambassadeur.frl.