BBA op besite by De Wjukslach yn Langsweagen

8 septimber

De groepen 4 o/m 8 fan OBS De Wjukslach yn Langsweagen krije hjoed de Berneboeke-ambassadeur op besite. Lida sil foarlêze en fragen oer it skriuwersfak beäntwurdzje, mar ek kreatyf skriuwe mei de bern en in ‘tekendiktee’ ôfnimme. Wolle jim de BBA ek ris útnûgje? Foar dit jier sit har aginda fol, mar foar 2021 kin dat wer. Sjoch gau op www.berneboekeambassadeur.frl.