Foto: Afûk, Elske Roorda

BBA op besite by It Ambyld yn Terwispel

11 septimber

De BBA is hjoed yn groepen 3/4 en 7/8 fan It Ambyld yn Terwispel. Op spesjaal fersyk slút se yn har lessen oan op it tema fan de Berneboekewike fan dit jier ‘En toen’ oer skiednis. Lida hat ferskate boeken skreaun oer histoaryske ûnderwerpen, en kin de bern fertelle oer eardere tiden, mar ek skriuw- en lêstips jaan. De BBA kin útnûge wurde op skoallen, yn bibeteken en boekhannels, op boekedagen, by ferienings, foarlêswedstriden en foardrachtsfestivals. Foar mear ynformaasje en opjaan sjochst op www.berneboekeambassadeur.frl.