Foto: Afûk, Elske Roorda

BBA op besite by PCBO Rehoboth en Daltonskoalle De Skâns yn Fryskepeallen

14 septimber

De bern fan PCBO Rehoboth  ûntfange fannemoarn de Berneboeke-ambassadeur. Sy sil yn de groepen 3/4 en 5/6 mei har ferhaal oanslute op it tema ‘En doe?’ Fan ’e middei is de BBA op besite by Daltonskoalle De Skâns yn Fryskepeallen. Yn de groepen 5/6 en 7/8 sil sy foarlêze, fertelle en fragen fan de bern beäntwurdzje oer de tsien boeken út de Lêskoffer en har eigen wurk. De BBA kin útnûge wurde op skoallen, yn bibeteken en boekhannels, op boekedagen, by ferienings, foarlêswedstriden en foardrachtsfestivals. Foar mear ynformaasje en opjaan sjochst op www.berneboekeambassadeur.frl.