BBA op besite op De Opbouw yn Boalsert

19 septimber

Hjoed giet de Berneboeke-ambassadeur (BBA) nei Jenaplan basisskoalle De Opbouw yn Boalsert. Se giet moarns earst in healoerke nei de groepen 1 en 2. Dêrnei giet se by alle oare groepen del om oan de hân fan de boeken yn de Lêskoffer te fertellen, foar te lêzen en fragen te beäntwurdzjen. Wolle jim de BBA ek ris útnûgje? Sjoch op www.berneboekeambassadeur.frl.