Tialda Hoogeveen, foto: Balanina Photografy

BBA yn foarlêssjuery Liudger Raai Drachten

23 febrewaris

Hjoed sit de Berneboeke-ambassadeur yn de foarlêssjuery fan it CSG Liudger Raai yn Drachten. Foar it earst sûnt jierren docht der wer in skoalle út de gemeente Smellingerlân mei oan de foarlêswedstriid Read2Me. Mar leafst acht dielnimmers dogge mei.
Ek ris de Berneboeke-ambassadeur útnoegje foar in aktiviteit of evenimint? De BBA kin útnûge wurde op skoallen, yn biblioteken en boekhannels, op boekedagen, by ferienings, foarlêswedstriden en foardrachtsfestivals. Sjoch foar mear ynformaasje en opjaan op www.berneboekeambassadeur.frl.