De Nacht fan Quatrebras

2 novimber
| 20:00 - 00:00

Tresoar nimt dy mei nei de wrâld fan Quatrebras, it tydskrift dat yn de jierren ’50 en ’60 in wichtige bydrage levere oan de fernijing fan de Fryske literatuer. It bysûndere fan Quatrebras wie dat ferskate dissiplines – literatuer, keunst, toaniel, fisuele poëzy – gearwurken en in protte kreativiteit losmakken. Tidens dizze jûn is ús bysûndere gast ien fan de lêste redakteuren fan Quatrebras, Gysbert Japicxpriiswinner Josse de Haan, dy’t spesjaal út Spaansk Baskelân wei oerkomt. Ernst Bruinsma sil him ynterviewe en wy biede him in faksimilee-útjefte oan fan syn ‘Anarky’s’. En fierder: koarte lêzings fan Frank den Oudsten, Bert Looper en Ernst Bruinsma, Elske Schotanus draacht foar út wurk fan Hessel Miedema, muzykoptredens en performances fan Jan Klug, Sytse Jansma en Hans Wijnbergen en jierren ’50 toaniel fan Jelle de Jong. Plak: Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert. Tagong fergees.