Rely Jorritsma, foto: FLMD

Deadline Rely Jorritsmapriisfraach 2023

15 maaie

Hjoed is de deadline foar it ynstjoeren fan bydragen foar de Rely Jorritsmapriisfraach 2023! Dit jier is it de 69ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin – hjoed dus noch – in Frysk ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei € 1.000,00. De sjuery foar 2023 bestiet út Beart Oosterhaven, Oene Spoelstra en Marrit de Schiffart. Sjoch ek www.stiftingflmd.frl.