Fierder mei Frysk

17 oktober

Fierder mei Frysk is it jierlikse kongres foar dosinten Frysk út it foartset ûnderwiis en it MBU. De stúdzjedei is hjoed op NHL Stenden yn Ljouwert en ek de Berneboeke-ambassadeur (BBA) is dêr oanwêzich. Sy fersoarget twa workshops wêryn’t dosinten Frysk praktyske hânfetten oanrikt krije om yn ‘e klasse mei lêzen of lêsbefoardering oan ‘e slach te gean. Wolle jim de BBA ek ris útnûgje? Sjoch foar mear ynformaasje en oanmelden op www.berneboekeambassadeur.frl.