Finale Sjongfestival

29 maaie

It Sjongfestival 2020 wurdt ferpleatst nei takom skoaljier! – Hjoed is de grutte finale yn skouboarch De Lawei yn Drachten. Ut de ferskate foarrondes binne troch de sjuery de allerbeste groepen keazen en sy stride hjoed yn Drachten om de ear. It Sjongfestival is in aktiviteit foar learlingen fan de groepen 6, 7 en/of 8 fan de Fryske basisskoallen en wurdt ien kear yn de twa jier organisearre troch Cedin, Keunstwurk, Omrop Fryslân en de Afûk. Sjoch foar alle ynformaasje op www.sjongfestival.frl.