Fryske ynsprekwike: doch mei!

20 septimber 26 septimber 2021

Apps op de tillefoan binne hieltyd faker oan te stjoeren mei spraak. Dat kin faak yn it Ingelsk of Nederlânsk mar noch net yn it Frysk. Mar dêr komt feroaring yn. Mozilla Common Voice is in iepen source platfoarm rjochte op it sammeljen fan spraakmateriaal foar ferskillende talen wêrmei’t spraaktechnology ûntwikkele wurde kin. Oan it foljen fan de Fryske database kinsto in bydrage leverje troch mei te dwaan oan de Fryske ynsprekwike! Mear witte? Lês hjir fierder.