Jeff Kinney sinjearret by Boekhandel Van der Velde yn Ljouwert

4 desimber
| 16:00

Het leven van een loser is der no ek yn it Frysk en hjit dan It libben fan in labbekak. Moai of moai? En noch moaier: skriuwer Jeff Kinney is mei it ferskinen fan de Fryske edysje (in oersetting fan Martsje de Jong) yn Nederlân om syn Nederlânske – mar foaral ek syn Fryske – fans te moetsjen. Hjoed is Kinney yn Fryslân om it earste eksimplaar fan de Fryske ‘loser’ edysje yn ûntfangst te nimmen. Fan 16.00 oere ôf is hy dêrnei te finen by boekhannel Van der Velde yn Ljouwert foar in sinjear-sessy. Foar mear ynformaasje en oanmelden foar it sinjearjen sjochst op www.uitgeverijdefontein.nl.