Lês-mar-foar-wiken

11 septimber 29 septimber 2023

Fan 11 o/m 29 septimber wurde de Lês-mar-foar-wiken organisearre. Yn dy perioade wurdt yn it foarskoalsk en it primêr ûnderwiis en fia de biblioteken ekstra omtinken frege foar it foarlêzen yn it Frysk, sadat safolle mooglik bern fan 2 o/m 8 jier sa faak mooglik yn it Frysk foarlêzen wurde. Oeral yn Fryslân sil foarlêzen wurde út it nije Tomke-boekje. Ek krije alle bern in spesjale Lês-mar-foar-edysje fan it tydskrift heit&mem mei nei hûs. Alle basisskoallen krije in boekje tastjoerd mei ferhaaltsjes en spultsjes oer Keimpe de Krokodil én de skoallen kinne dêrby it Lês-mar-foar-pakket besoarge krije.