Presintaasje en oanbieding ‘Belibje it wer’

7 maart
| 14:00 - 15:30

In foarwerp, in gefoel of in lûdsje kin dy wat yn it sin bringe út in lang ferfleine tiid. By dy oantinkens hearre faak moaie ferhalen. Spesjaal foar de âldereinsoarch en -deibesteging binne troch de Afûk foar it projekt Dat wie doe sa temakoffers makke om dy ferhalen foar it ljocht te bringen. De koffers drage de namme Belibje it wer en komme yn ferskate tema’s. De earste 14 koffers Belibje it wer wurde hjoed presintearre en oanbean oan de stichting Freonen fan Bennema State, ûnderdiel fan Noorderbreedte. Hjirnei binne de koffers ek beskikber foar oare soarch- en deibestegingsorganisaasjes foar âlderein. Mear witte? Stjoer in mail oan datwiedoesa@afuk.nl.