‘Stap op de Rode Loper!’ yn de Afûkwinkel

20 novimber

Nei twa suksesfolle edysjes fan Stap op de Rode Loper! is dit lanlike taal- en lêsprojekt foar vmbo’ers en harren dosinten ek dit jier wer yn Ljouwert te finen. It festival biedt in unyk kultureel-literêr programma mei bygelyks teaterfoarstellingen, dynamsyske workshops en gesprekken mei populêre auteurs. Fan ‘t jier besteget ‘Stap op de Rode Loper’ ekstra omtinken oan de Fryske taal en kultuer. Ien fan de programma-lokaasjes is dêrom ek ús Afûkwinkel. Mear ynformaasje fynst hjir. NB: y.f.m. it programma is de Afûk-winkel oant 14.30 oere ticht.