©Foto: Hoge Noorden / Jacob Van Essen

‘Stap op de Rode Loper!’ yn de Afûkwinkel

21 novimber

Nei de suksesfolle earste edysje fan Stap op de Rode Loper! is dit lanlike taal- en lêsprojekt foar vmbo’ers en harren dosinten ek dit jier wer yn Ljouwert. It festival biedt in unyk kultureel-literêr programma mei bygelyks teaterfoarstellingen, dynamsyske workshops en gesprekken mei populêre auteurs. Fan ‘t jier besteget ‘Stap op de Rode Loper’ ekstra omtinken oan de Fryske taal en kultuer. Ien fan de programma-lokaasjes is dêrom ek ús Afûkwinkel. Mear ynformaasje fynst hjir. NB yfm it programma is de winkel oant 15.00 oere ticht.