Foto: Gerda van der Wijk

Start fan it lesblok Skriuwtechniken

21 maart

Wolst graach mear en bettere ferhalen skriuwe yn it Frysk? Dan bist wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. Hjoed set it lesblok Skriuwtechniken wer útein. Yn dit lesblok komst yn ’e kunde mei de eigen skriuwstyl, learst om te eksperimentearjen, om te doaren, om it Frysk as skriuwtaal te brûken. De 12 lessen fan it lesblok Skriuwtechniken binne fan 21 maart ôf op tiisdeitejûn fan 18.45 oant 21.45 oere by Tresoar yn Ljouwert. Krijst les fan Arjan Hut. Mear ynformaasje: www.leeuwardencityofliterature.nl.