Underweis mei Hilda Talsma en Emiel Stoffers

4 novimber

Fannejûn om 20.00 oere yn Grandcafé JAN! Wergea (ynrin fan 19.30 oere ôf). Emiel Stoffers en Hilda Talsma hawwe in protte oerienkomsten yn har wurk. Dêr’t Emiel sjongt oer werkenbere sitewaasjes dy’t Friezen belibje op it wurk of yn it deistige libben, skriuwt Hilda oer deselde tematyk. Beide draaie se net om de feiten hinne mar beneame de dingen sa’t se binne. De geasten fan dizze kreative rûchhouwers, dy’t tagelyk hiel gefoelich binne foar alles wat om harren hinne bart, brûzje altyd fan de ideeën. De Hûnekop en Hilda Talsma nimme jim op dizze jûn mei op reis troch har repertoire. Sjoch hjir mear foar mear ynformaasje. NB Grandcafé JAN! fersoarget foarôfgeand oan de jûn in spesjaal Underweis-menu!