Literêre optredens yn oktober én novimber

Boeken fan Fryslan Frije tiid
10 septimber 2021
Boeken fan Fryslân organisearret yn oktober en novimber sechtjin literêre optredens mei fjouwer skriuwersduo’s. Elske Schotanus & Hein Jaap Hilarides, Geart Tigchelaar & Elmar Kuiper, Hilda Talsma & Emiel Stoffers fan 'De Hûnekop' en Sjoerd Bottema & Jaap Louwes hawwe spesjaal foar dizze gelegenheid in eigen programma gearstald. Foardrachten út harren wurk en ynterviews oer harren wurk, al as net ôfwiksele mei muzyk foarmje de basis fan de optredens.

Sjoch hjirûnder of yn de aginda foar (foarriedige) data, tiden en mear programma-ynformaasje. Alle optredens binne fergees tagonklik.