Literêre jûn mei Willem Schoorstra en Jack Bottleneck: Rosmos & The Blues

6 septimber

Smoute ferhalen, brike ynfallen en te gekke muzyk! Nei de suksesfolle toernee yn de Moanne fan it Fryske Boek trede skriuwer Willem Schoorstra en muzikant Jack Bottleneck noch ien kear tegearre op mei harren programma oer de ‘blues’ yn ’e breedste sin fan it wurd. Plak: Café Marktzicht yn Drachten, fan 20.30 oere ôf, tagong fergees! Dizze literêre jûn is in aktiviteit fan Boeken fan Fryslân.