Algemiene betingsten – Spoar 8 en Searje 36

Oan de lisinsjes foar en it brûken fan de digitale learomjouwingen Spoar 8 en Searje 36 binne ûndersteande algemiene betingsten ferbûn.

1. Tapaslikens

1.1 Partijen dy’t belutsen binne by de lisinsjeoerienkomst binne Afûk en de partij mei wa’t de oerienkomst ôfsletten wurdt (fan no ôf ‘lisinsjehâlder’). Dat kin in skoalle of skoalmienskip wêze.

1.2 Dizze algemiene betingsten binne fan tapassing op elke oerienkomst (fan no ôf ‘lisinsje’) dêr’t Afûk tagong ta de digitale learomjouwing fan Spoar 8 of Searje 36 ynklusyf byhearrende (les)materialen (fan no ôf ‘digitale learomjouwing’) mei ferlient oan de lisinsjehâlder.
Lisinsjehâlder en Afûk komme tegearre oerien hokker digitale learomjouwing oan de lisinsjehâlder beskikber steld wurdt.

2. Omfang brûkersrjocht

2.1 De lisinsjehâlder kriget troch middel fan in akkount (basearre op in besteand e-mailadres en eigen wachtwurd) tagong ta de digitale learomjouwing, dy’t net tagonklik is foar net-lisinsjehâlders (fan no ôf ‘de befeilige omjouwing’).
De lisinsjehâlder hat de soarch foar de geheimhâlding fan de ynlochgegevens.

2.2 Afûk ferlient oan de lisinsjehâlder in net-oerdraachber brûkersrjocht. It is de lisinsjehâlder net tastien oan tredden tagong te jaan ta de befeilige omjouwing.

2.3 Utsein wannear’t dat útdruklik en skriftlik oerienkaam is, is it de lisinsjehâlder net tastien de digitale learomjouwing en har ynhâld op hokker wize dan ek foar (ekstern) werbrûken rjochte op, of bestimd foar in tredde (net-brûker) te brûken.

2.4 Utsein útdruklik oars oerienkaam is, mei it brûkersrjocht nea liede ta iennige foarm fan – al of net kommersjele – eksploitaasje fan de ynhâld fan de digitale learomjouwing troch de skoalle of de brûkers. De skoalle hat de soarchplicht foar it neilibjen fan it brûkersrjocht troch de brûkers dy’t ûnder de skoalle falle.

3. Duer en einigje

3.1 De lisinsje is foar de perioade fan 1 augustus oant 1 augustus it jier derop. Nei ôfrin fan de perioade wurdt de lisinsje stilswijend ferlinge mei in jier, útsein as der foar 30 juny fan dat kalinderjier skriftlik opsein wurdt.

3.2 Afûk hat it rjocht de oerienkomst per direkt mei in skriftlike meidieling te beëinigjen, wannear’t de lisinsjehâlder hannelingen útfiert dy’t net ûnder it brûkersrjocht falle.

4. Prizen, fakturearje en betelje

4.1 De troch Afûk foar lisinsjes hantearre prizen en tariven binne basearre op de prizen en tariven dy’t jilde op it momint fan oanbieding en jilde foar it jier dat dêrby oanjûn is. Utsein as dat útdruklik fermelden is, binne alle prizen en tariven ynklusyf btw.

4.2 Afûk hat it rjocht priiswizigings troch te fieren, fan 1 augustus ôf. Priiswizigings wurde uterlik 1 moanne yn it foar online bekend makke en brûkers wurde skriftlik op de hichte brocht.

4.3 By tuskentiidske btw-ferhegings út de oerheid wei hat Afûk it rjocht dy troch te fakturearjen oan de lisinsjehâlder.

4.4 Afûk hat it rjocht jierliks in ynflaasjekorreksje ta te passen. Dat jildt net as priiswiziging.

5. Garânsje

5.1 Afûk ferplichtet har mei dizze betingsten ta it leverjen fan oerienkame tsjinsten, dat wol sizze it online tagonklik meitsjen fan de digitale learomjouwing dêr’t de lisinsje foar ôfnaam is, foar salang’t de lisinsjeperioade rint. Yn it gefal fan problemen sil Afûk alles op alles sette om de digitale learomjouwing sa gau as mooglik wer wurkjend te krijen.

5.2 Afûk en de meiwurkers besykje mei uterste soarchfâldigens it tekst- en byldmateriaal te meitsjen, gear te stallen en aktueel te hâlden. Lykwols oanfurdigje sy gjin oanspraaklikheid foar skea as gefolch fan gebrûk, ûnfolsleinens of ûnkrektens fan de ferstrekte ynformaasje.

5.3 De digitale learomjouwing befettet links nei websiden fan tredden. Afûk is net oanspraaklik foar de ynhâld fan of foar de privacybeskerming op dy websiden.

5.4 Afûk hâldt him oan de jildende regeljouwing op it mêd fan de beskerming fan persoansgegevens. Sjoch dêrfoar de privacy-ferklearring op de webside.

6. Brûkers

6.1 De priis fan in lisinsje jout ien learling folsleine tagong ta it systeem foar (rest fan) de lisinsjeperioade.

6.2 Akkounts foar dosinten en skoalbehearders binne fergees en wurde ferliend wannear’t de skoalle foar de earste kear besteld, of wannear’t der in wikseling ûnder de dosinten of behearders plak fynt.

6.3 By de bestelling wurdt in skatting fan it tal learlingen opjûn. It definitive tal lisinsjes wurdt bepaald oan de hân fan in ynlêzen EDEXML-bestân. De skoalle is ferantwurdlik foar dat bestân en de krektens fan de ynhâld dêrfan.

6.4 By it ferlingen fan in lisinsjeoerienkomst wurdt it oantal learlingbrûkers alle skoaljierren bysteld. Om te bepalen hoefolle learlingbrûkers oft der binne moat de lisinsjehâlder elk skoaljier (uterlik 15 septimber) in EDEXML-bestân oanleverje.

7. Oare bepalings

7.1 Afûk hat it rjocht dizze betingsten te wizigjen, salang’t dy wizigings meidield wurde oan de lisinsjehâlder fia de webside en/of per post of e-mail.

7.2 Op alle oanbiedingen en oerienkomsten tusken Afûk en de lisinsjehâlder is allinnich Nederlânsk rjocht fan tapassing.