Oergongsregeling
Yn it ferline hat it mooglik west om in trochrinnende koarting op Searje 36 te krijen, wannear’t tasein waard om Searje 36 meardere jierren nei elkoar te brûken. Dat koe foar trije of fiif jier. Dy regeling bestiet net mear.
Foar brûkers dy’t noch in rinnende oerienkomst mei Afûk hawwe, jildt dat sy de bestelling op deselde wize trochrinne as oare skoallen. Dêr komme de nije prizen (€ 14,99 de learling) dan ek foar op de faktuer.
Fan it subtotaal sil in koarting ôfhelle wurde, dy’t berekkene wurdt oan de hân fan it tal learlingen yn klasse 1 en de ôfprate koarting (25% of 35%).
Foar de learlingen yn klasse 1 sil dan, effektyf, de âlde priis (ynklusyf koarting) betelle wurde. Dat giet troch salang’t de oarspronklike oerienkomst jildt.
Foar learlingen yn klasse 2 en heger sil, yn alle gefallen, de nije priis fan € 14,99 de learling fakturearre wurde.
Besteande brûkers wurde frege om harren gegevens troch middel fan de nije bestelpagina foar 15 septimber 2020 troch te jaan.