Foto: deMoanne

Amarins Geveke nije haadredakteur ‘de Moanne’

Boeken fan Fryslan Frije tiid
25 maart 2020
Amarins Geveke (1974) is mei yngong fan 1 april de nije haadredakteur fan kultureel tydskrift 'de Moanne'. Geveke is direkteur fan Folkshegeskoalle Schylgeralân, presintator en gearstaller fan de talkshow IepenUP en wie earder redakteur en ferslachjouwer by Omrop Fryslân.

Amarins Geveke folget nei 17 jier Ernst Bruinsma op en wol har graach ynsette om ‘de Moanne’ in grutter en wichtiger plak yn de Fryske mienskip te jaan: “It is in eare om mei te wurkjen oan sa’n moai blêd as ‘de Moanne’ en ik wol my graach ynsette om tegearre mei redaksje en bestjoer nije plannen te ûntwikkeljen foar ‘de Moanne’.”

Kultureel tydskrift ‘de Moanne’
‘de Moanne’ is in tagonklik, eigentiids blêd foar en oer kultuer yn Fryslân en wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. It earstkommende nûmer fan ‘de Moanne’ leit ein maart by alle abonnees op ‘e matte. Noch gjin abonnee? In abonnemint op ‘de Moanne’ is der al fanôf €10,-. Sjoch ek www.demoanne.nl.