Basis foar nij kurrikulum foar it fak Frysk klear
De produkten binne okkerdeis oan Provinsjale Steaten oanbean en publisearre op de webside https://www.kurrikulum.frl. De provinsje stjoert de skoallen in brief en in ynspirearjende poster om harren te ynformearjen oer de foarderings fan it nije kurrikulum.
Tsien leargebieten
Net allinne it kurrikulum Frysk wurdt fernijt, ek foar de oare njoggen leargebieten wurdt it kurrikulum op ‘en nij besjoen en oanpast. Dat bart yn opdracht fan it Ryk. De kurrikulumoanpassing is needsaaklik, om’t de fêstleine ûnderwiisynhâld net mear aktueel is. In goed kurrikulum soarget foar in goede trochstreaming fan de basisskoalle nei it ferfolchûnderwiis en gearhing tusken fakken. Ek draacht it by oan in minder fol lesprogramma. Leararen en skoallieders hawwe yn de foarm fan boustiennen foarstellen oplevere foar de kurrikulumoanpassing. Dat dienen sy mei stipe fan oare eksperts yn saneamde ûntwikkelteams. De foarstellen foar it leargebiet Fryske taal en kultuer kamen op ferlykbere wize ta stân.
Realisaasjefaze
De realisaasjefaze giet fan start sa gau’t it advys fan in wittenskiplike kurrikulumkommisje klear is. Dy kommisje is ynsteld troch de Minister foar Primêr- en Fuortset Underwiis en Media. Yn de maaitiid fan 2021 wurde nei ferwachting de boustiennen útwurke ta kearndoelen foar it primêr ûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Dêrnei komt ek de oanpassing fan de eineksamenprogramma’s fan de boppebou fan it fuortset ûnderwiis aan bod. Ek dy faze wurdt foar it nije kurrikulum Fryske taal en kultuer yn gearwurking mei skoallen en dosinten oppakt.
De Afûk hat (en is) fanselssprekkend by de ferskillende stadia fan it foarmjen fan it kurrikulum belutsen west en is der wiis mei dat de metoaden spoar 8 (basisûnderwiis) en searje 36 (fuortset ûnderwiis) dêr no al goed op oanslute.
Taalplan Frysk 2030
Salang’t de nije kearndoelen noch net fêststeld en ferankere binne yn de ûnderwiiswetten, jilde de besteande kearndoelen. Provinsje Fryslân stimulearret alle skoallen om harren oanbod yn alle kearndoelen fuort te sterkjen. Uterlik yn 2030 moatte de skoallen harren oanbod Frysk op it wetlik stelde nivo op oarder hawwe. De provinsje wurket dêr yn ‘e mande mei skoalbestjoeren, skoallen en dosinten ûnder de namme Taalplan Frysk 2030 oan. Taal- en ûnderwiisynstellings helpe de skoallen mei advys en begelieding oan it fuortsterkjen fan Frysk op skoallen. It nije kurrikulum Frysk wurdt yn de kommende jierren yn it projekt Taalplan Frysk 2030 yntegrearre.