Berber Spliethoff wint ferhalewedstriid BoekfeestBoek
Dit wie de tredde Boeken fan Fryslân-ferhalewedstriid dy’t troch Martsje de Jong en Hilda Talsma organisearre is. It begûn yn 2019 mei BoeksimmerBoek op de langste dei fan it jier yn Café Marktzicht yn Drachten. Dêrnei folgen op 31 jannewaris 2020 BoekwinterBoek yn Café De Bakkersdochter yn Snits en no BoekfeestBoek yn MeM Bûtenpost. Foar de ferhalewedstriid mei it tema ‘los’ wiene mar leafst 14 koarte ferhalen ynstjoerd. Martsje de Jong en Hilda Talsma dy’t de ynstjoerings beoardielen, wiene unanym dat it ferhaal fan Berber Spliethoff it winnende ferhaal wie.
Njonken it bekend meitsjen fan de winner fan de ferhalewedstriid, wiene der optredens fan Douwe Kootstra, Hein Jaap Hilarides, Greet Andringa, Aant Jelle Soepboer en Elmar Kuiper. De jûn waard fierder muzikaal omliste troch duo Weima & van der Werf.
‘Wy sjogge werom op in tige slagge jûn fol moaie ferhalen ‘, sa seit Ida Heddema fan Boeken fan Fryslân: ‘Op nei it BoekwinterBoek yn jannewaris 2022!’