Boargemaster Buma lêst Frysk ferhaal by foarlêslunch yn Abbingahiem
Foarlêzen is in noflike en ienfâldich ta te passen deibesteging, dy’t tagelyk bydraacht oan de kwaliteit fan de soarch. Mei de foarlêslunch wurdt in moetingsplak fasilitearre. Foarlêzen kin bygelyks in rol spylje yn it trochbrekken fan it isolemint dêr’t guon âlderen yn ferkeare. Mar it foarlêzen fan in moai ferhaal biedt ek ûntspanning en is gauris oanlieding ta in petear of it opheljen fan oantinkens. In ferhaal yn de memmetaal kin dat noch fersterkje. It gebrûk fan de memmetaal soarget foar ferbining en fertrouwen. Dêrom is it nasjonale ferhaal op fersyk fan it projekt Dat wie doe sa fan de Afûk ek oersetten yn it Frysk.
Oer Noorderbreedte
Noorderbreedte biedt benammen soarch oan âlderen yn Fryslân. Soms foar even, soms langer en soms foar altyd. Noorderbreedte biedt dy soarch yn 15 lokaasjes en in revalidaasjesintrum, wêrby’t in libben dat kwaliteit hat en weardefol is altyd op it foarste plak stiet. Foar bewenners, kliïnten en meiwurkers.
Oer Dat wie doe sa
It brûken fan de memmetaal is belangryk yn de soarch. It ferbynt minsken en ferlytset de ôfstân tusken soarchferliener en soarchfreger. It projekt Frysk yn ’e soarch fan de Afûk freget dêr op alderhande wizen omtinken foar, jout advizen en ûntwikkelet materialen. It dielprojekt Dat wie doe sa rjochtet him spesifyk op it brûken fan it Frysk yn de âldereinsoarch.