Smûk! Noflik! Joppech! In geweldige jûn! Man, o man, wat ha ik lake! En mear fan soks en dat alles mei tank oan Boeken fan Fryslân, mar benammen oan Martsje de Jong en Hilda Talsma.
Lês it wiidweidige ferslach fan it BoekWinterBoekfeest fan Elske Schotanus op www.demoanne.nl.
Wa’t gading meitsje wol nei in Rely Jorritsmapriis, kin noch oant 9 maaie 2021 syn of har ferhaal en/of gedicht ynstjoere. De sjuery, dy’t de ynstjoeringen anonym hifket, kin op syn meast fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei 1000 euro.
Elke earste sneon fan de moanne stiet er yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. In side fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Sneon 3 april binne we der wer!