By de Afûk is ferskynd: ‘De groep fan mees bok’

Boeken fan Fryslan Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk
20 oktober 2023
Op Freed 20 oktober binne de earste eksimplaren fan de prachtige nije boekesearje ‘De groep fan mees bok’, foar begjinnende Frysk-lêzers, oanbean oan de bern fan groep 3-4 fan CBS De Oanrin yn Twizel. De rige fan fiif nije boekjes is skreaun troch Lida Dykstra, mei yllustraasjes fan Ina Hallemans. Earder binne se útbrocht yn it Nederlânsk (De klas van Mees Bok) en dêr is no in Fryske oersetting fan makke.

Yn elts diel fan de rige stiet in oar bistke út de groep fan mees bok sintraal. De dielen binne los fan elkoar te lêzen en binne skreaun op it nivo fan begjinnende Frysk-lêzers. De dielen slute allegearre oan op in seizoen fan it jier, sa is de ynhâld aktueel troch it jier hinne.

Derneist binne de boekjes ek tige geskikt om as toaniellêsboekjes yn te setten. Dat hawwe de bern fan De Oanrin sjen litten troch ‘de hut fan Das’ te meitsjen wylst Lida Dykstra mei de groep it ferhaal lies. Geandewei it ferhaal ûntstie der in prachtige hutte dêr’t alle bisten, spile troch in tal learlingen út groep 3-4, op harren eigen wize in bydrage oan leveren.

De skriuwster is tige wiis en grutsk dat de boeken der binne en fynt it wichtich dat der ek foar de begjinnende lêzer yn it Frysk goeie materialen binne.
“Mei dizze searje is der foar it earst in rige kleurige boeken om it begjinnend lêzen yn it Frysk foarm te jaan.” – Lida Dykstra

Yn de rige binne de folgjende fiif boeken ferskynd:

Pas op, baarch!
Baarch fynt in hiel bysûndere pin. Hy makket allegear prachtige tekeningen. Dat is leuk! Mar as er in enge foks tekenet… Dan blykt dat syn tekeningen begjinne te libjen!

Knyn yn de put
Knyn wol graach in kado oan Mees Bok jaan. Se giet op syk yn de bosk. In lekkere nút of in moaie bloeiende tûke? As se in hege tûke plôkje wol, falt se yn in âlde put. Wat no?

Pup giet te fier
Mees Bok giet mei de groep nei it strân. Se bouwe in kastiel fan sân, genietsje fan de sinne en Mees Bok docht in knipperke. Se ha net yn ’e gaten dat Pup mei syn flot fierstente fier de see yn driuwt. Mei-elkoar kinne se Pup krekt op ’e tiid rêde.

Laam, wat bist tûk!
Mees Bok is siik! Hy hat it sop fan in din nedich, mar dat is op! Laam beslút om it op te heljen yn de bosk. Mar dêr leit in berch snie. De freonen geane mei. Soe it se slagje om de beam te finen en op ’e tiid wer thús te kommen?

De hut fan Das
Das bout in hut en yn dy hut is hy de baas. Mar de oaren meie der ek yn. Se nimme allegear wat mei en as der ek noch in fee lânskomt, wurdt it hielendal feest.

Boekgegevens De groep fan Mees Bok
Auteur: Lida Dykstra
Yllustrator: Ina Hallemans
Utfiering: hardcover
Tal siden: 29
Taal: Frysk
Ferkeappriis: € 9,99
www.websjop.afuk.frl

Pas op, baarch! – ISBN: 978 949 3318113
Knyn yn de put – ISBN: 978 949 3318120
Pup giet te fier – ISBN: 978 949 3318151
Laam, wat bist tûk! – ISBN: 978 949 3318144
De hut fan Das – ISBN: 978 949 3318137