‘Call me by your name’ is it lêste gedicht fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân
It gedicht, de oersetting yn it Nederlânsk fan de dichter sels en de Ingelske oersetting troch David Colmer binne ek te lêzen op de webside fan Dichter fan Fryslân fia: www.dichterfanfryslan.nl.
Nije Dichter fan Fryslân
Op freedtemiddei 12 novimber tidens Explore the North wurdt yn de Westerkerk yn Ljouwert de nije Dichter fan Fryslân bekend makke. Foarôfgeand oan de offisjele beneaming fan de nije Dichter fan Fryslân, nimt Nyk de Vries ôfskie as Dichter fan Fryslân mei de presintaasje fan syn nijste dichtbondel.
De Dichter fan Fryslân is in projekt fan Boeken fan Fryslân. De Dichter fan Fryslân treedt op as poëtysk ambassadeur en draacht op in moderne en útnûgjende wize soarch foar de poëtyske presintaasje fan Fryslân. Binnen en bûten de provinsje. Leafst ynspirearre op aktuele foarfallen of opfallende en bysûndere mominten dy’t plakfine yn ús provinsje of dêrta yn relaasje stean.