Foto: Afûk

De bookzines fan Yung Frysk: ferhalen fan jongeren foar jongeren

Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Op it wurk
3 april 2023
Fia de bookzines fan Yung Frysk kin elk kennis meitsje mei de persoanlike ferhalen fan jongeren yn Fryslân. Alle moannen ferskynt der in nij ferhaal yn it Frysk, Ingelsk of Nederlânsk. Dy ferhalen meitsje maatskiplike tema’s besprekber yn de klasse, mar ek fia de socials Insta, Tiktok en Youtube fan Yung Frysk. Krekt ferskynd yn de rige bookzines is it ferhaal fan Tadese út Eritrea: 'Als er niets te kiezen is'.

It doel fan it bookzine-projekt is om persoanlike ferhalen fan studinten yn en út Fryslân te sammeljen, te ferwurkjen en te dielen. Elk ferhaal wurdt safolle mooglik yn de taal fan de studint beskreaun om it ferhaal sa oarspronklik mooglik te hâlden, mar wol yn in mienskiplike taal (it Ingelsk, Frysk as Nederlânsk). De ferhalen yllustrearje aktuele maatskiplike tema’s fanút it perspektyf fan de studint yn of út Fryslân. Hjirby falt te tinken oan tema’s as iensumens/koroana, skulden, sykte, op ‘e flecht wêze, ymmigraasje, seksualiteit, stêd vs. plattelân, talint, ensfh.

It eigen ferhaal krije de studinten kado, mar wurdt ek ûnderdiel fan in rige fan (koarte) persoanlike ferhalen. Dy rige mei werkenbere persoanlike ferhalen fan studinten set hooplik oan ta lêzen en makket taal en ferhalen sichtber om’t de bookzines op te hingjen binne as poster. Dêrneist binne de ferhalen tige geskikt materiaal om de brede ûntwikkeling en boargerskipsfoarming fan studinten binnen it mbû te stimulearjen. De gedachte is dat de ferhalen weardefolle petearen op gong bringe sille yn de klasse, mar foaral ek dêrbûten.

Hoe sjocht in bookzine derút
De bookzine is in fariant op in zine. In bookzine kinst útteare om it ferhaal te lêzen. Op de binnenkant fan de bookzine is in grutte kwote te finen. Sa kinst it ferhaal mei quote ophingje as poster, bygelyks yn de klasse of op de studintekeamer.

Oan de ein fan elk ferhaal (achterkant bookzine) wurdt trochferwiisd nei helpynstânsjes op de mbû-skoallen yn Fryslân, sadat studinten mei ferlykbere ûnderfiningen, of mei fragen, dêr telâne kinne. Ek wurde oan ‘e ein fan elk ferhaal trije meartalige boeketips jûn. Dy boeken slute oan by it tema fan de bookzine.

Neist de papieren fariant fan de bookzine is it ferhaal ek beskikber as audio-fragmint fia mbu.edufrysk wêrby’t foar dosinten noch suggestjes ûntwikkele wurde om it petear nei oanlieding fan de ferhalen op gong te bringen. Dy suggestjes sille dan ek te finen wêze op mbu.edufrysk. It Yung Frysk kampanjeteam makket dêrneist in koarte animaasje by elk ferhaal.

Wêr binne de bookzines te finen/bestellen?
Elke moanne is der in nije bookzine fergees te bestellen fia de Taalplan webside. Dêrneist sille de bookzines in plakje krije yn boekekasten op mbû-skoallen.

Hokker ferhalen binne der oant no ta?
Soarch foar elkoar (ferhaal jannewaris 2023). Tema: iensumens, koroana, krêft fan freonskip
Kers op de taart (ferhaal febrewaris 2023). Tema: gender
Als er niets te kiezen is (ferhaal maart/april 2023). Tema: Op ‘e flecht wêze

Yung Frysk
De bookzines binne ûnderdiel fan de Yung Frysk kampanje. Dat is in kampanje oer it Frysk foar en troch jongerein fan 16 o/m 22 jier. Mei dizze kampanje wolle jongeren it gebrûk fan it Frysk normalisearje. Net it perfekt praten fan de taal stiet sintraal, mar foaral it stimulearjen fan jongeren om de Fryske taal te brûken. Dêrom makket it team Yung Frysk, besteande út in wikseljende groep studinten fan ferskate opliedings, grappige en dielbere kontent en ûntwikkelje sy hieltyd nije produksjes om sa oaren ek oan te setten om it Frysk te brûken. Fynst Yung Frysk op Insta, Tiktok en Youtube.

Yung Frysk is in aktive gearwurking tusken Aeres, Firda, Omrop Fryslân en Afûk.