Omslach de Moanne nr. 2

de Moanne nr. 2 leit foar dy klear!

Frije tiid
25 maaie 2020
Farsk fan de printer: de Moanne nr. 2. It earste nûmer mei in 'redaksjoneel' fan ús nije haadredakteur Amarens Geveke en mei lykas wenst in nijsgjirige en ynteressante miks oan kollums, ynterviews, (eftergrûn)ferhalen en oare bydragen yn it Frysk en it Nederlânsk. Ein maaie by alle abonnees op de matte en foar oaren te keap yn de boekhannel.

In abonnemint op de Moanne kostet €40,00 jiers (bûtenlân €50,00). Abonneminten rinne lykop mei it kalinderjier en kinne opsein wurde foar 1 jannewaris. Nimme jo in jierabonnemint geandewei it jier, betelje jo nei rato. In proefabonnemint foar twa nûmers kostet €10,00.

Sykje jo in aardich presintsje? Tink dan ris oan in kado-proefabonnemint op de Moanne. Foar €10,00 stjoere wy de twa earstfolgjende nûmers fan de Moanne nei de persoan oan wa’t jo dy kado jaan wolle. Jo krije dan wer in presintsje fan ús. Klik hjir foar de spesjale oanbieding.

Binne jo stiper fan de Afûk, Tresoar of de Fryske Akademy? Nim dan in abonnemint tjsin in redusearre taryf. Om fan dizze regeling gebrûk te meitsjen, nimme jo kontakt op mei ien fan krektneamde ynstellings. Hawwe jo oars noch fragen oer in abonnemint op de Moanne, mail dan nei: abonnemint@demoanne.nl.

Sjoch ek ris op www.demoanne.nl!