Foto: Istock

De Proeftuin Meertaligheid fan We the North: profitearje der fan en doch mei

Boeken fan Fryslan Frije tiid Minority languages Oer it Frysk Op it wurk
18 febrewaris 2020
Op inisjatyf fan it Ministearje fan OC&W en de trije noardlike provinsjes is yn 2016 it programma We the North útein setten. Doel is om it saneamde kulturele ekosysteem yn it noarden te fersterkjen troch programmatyske gearwurking. De ‘Proeftuin Meertaligheid’ is dêr in ûnderdiel fan.

Om de gearwurking tusken ferskate ynstellings en individuen dy’t harren yn it noardeasten fan Nederlân dwaande hâlde mei streekmeartaligens te befoarderjen wol de Proeftuin op it foarste plak in duorsum kultureel netwurk opbouwe. Dêrfoar is no in saneamde ‘call’ útskreaun foar in bedrach fan € 220.000,00 dêr’t kultuermakkers út de provinsjes Grins, Drinte, Fryslân, Oerisel en Gelderlân oanfragen foar yntsjinje kinne. It giet dan om publyksfreonlike, ynterprovinsjale kultuerprojekten wêryn’t streekmeartaligens een wichtige rol spilet. Projekten ynstjinje kin noch oant ein febrewaris 2020.

Sjoch op http://www.wethenorth.org > proeftuinen > meertaligheid foar mear ynformaasje oer de subsydzjemooglikheden of download de folder Manifest streekmeertaligheid.