DINGtiid siket in bestjoerslid (m/f) foar portefúlje Fryske taal en kultuer

Boeken fan Fryslan Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Op it wurk
26 maart 2020
It bestjoer fan DINGtiid nûget jo út om jo belangstelling kenber te meitsjen foar de fakatuere fan bestjoerslid fan DINGtiid. DINGtiid is it advysorgaan foar de Fryske taal en hat, sa’t yn de Wet gebrûk Fryske taal (2014) stiet, as taak om de gelikense posysje fan de Fryske en Nederlânske taal yn Fryslân te befoarderjen.

DINGtiid docht dat ûnder oaren troch frege en net-frege te advisearjen en troch te sinjalearjen omtrint ûntjouwingen oangeande de Fryske taal. It bestjoer fan DINGtiid bestiet út fiif leden en wurdt stipe troch in stêfburo. Elk fan de fiif leden hat har of syn eigen portefúlje (ûnder oaren gebrûk fan Frysk yn de media, rjocht, ûnderwiis, kultuer en bestjoerlik ferkear). Der ûntstiet in fakatuere troch it tuskentiids tebekstappen fan ien fan de bestjoersleden.

Lês hjir de folsleine fakatueretekst.