Dit is de Afûk boeketip 10 (+5 ekstra!) foar april

Boeken fan Fryslan Frije tiid
1 april 2022
Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 is net mear of minder as nûmer 10. Dêrom neame wy it ek de boekeTIP 10 en net de boekeTOP 10. Ek foar de moanne april ha wy wer mei in moaie seleksje makke! Plus 5 ekstra. Omdat it hast Nasjonale Boekewike is!

Sjoch yn ús websjop hokker titels dizze moanne yn ús boeketip 10 steane of kom ris del yn ús Fryske boek- en kadowinkel yn Ljouwert.  Yn de Afûkwinkel en -websjop fynst altyd it grutste én moaiste assortimint boeken en kado-artikels yn en oer it Frysk en Fryslân foar alle leeftiden.

9-18 april: Nationale Boekenweek
De 87ste Boekenweek is in oade oan de leafde. In earste leafde oerspielt dy mei gefoelens wêrfan’st net wistest dat se bestienen. Hearlik, of net …. Mar spesjaal dêrom ha wy ék noch fiif titels mei it tema ‘earste leafde’ selektearre. En net ferjitte: yn de Nationale Boekenweek krigest by dyn oankeap fan minimaal € 15,00 oan boeken it Boekewikegeskink der fergees op ta!

Bêste Jonge – Geart Tigchelaar
In relaasje tusken man en frou, dat leit soms wat yngewikkeld. Sa ek by Tine en Jarich. Tine liket tefreden mei har libben, mar benammen Jarich krijt it geregeld benaud fan it feit dat alles al sa’n bytsje fêst leit yn syn libben. Risiko’s nimme, it ûnferwachte in kâns jaan, in heger lok sykje, dêr giet dizze roman fan Geart Tigchelaar oer. Ek te keap as audioboek.

De nacht fan Mare – Willem Schoorstra
Mare, santjin jier, iennichst bern, beskerme grutbrocht yn in begoedige húshâlding. Thomas, twaentweintich jier, soan fan in kroechbaas en op `e syk nei syn plak yn de weareld. Dat binne de haadpersoanen yn dizze nije roman fan Willem Schoorstra. Se moetsje inoar ein jierren santich yn Ljouwert, by it legindaryske konsert fan Herman Brood yn de Prinsetún. Tsjin in dekôr fan rock `n roll, polityk bewustwêzen en seksuele útspattings en represje ûntjout him in relaasje dy`t alles mei ferslaving te krijen hat. In boek dat de lêzer fuortendaliks by de lurven krijt, om dêrnei net wer los te litten.

It neidiel fan de twifel – I.E. Bloem / WINNER SIMKE KLOOSTERMANPRIIS 2022
Bas hat al it ien en oar meimakke as er nei Italië giet foar in útwikselingsprojekt fan skoalle. Hy hat it dêr prima nei ‘t sin en wurdt al gau fereale op de mysterieuze Julia. Mar dan grypt it coronafirus om him hinne en de bûtenlânske studinten moatte daliks op it fleantúch nei hûs. Mar kin Bas syn grutte leafde sa achterlitte, krekt no’t se har geheimen oan him ferteld hat? En hoe sit it eins mei syn eigen ferline?

Op redens oer – Hylke Speerstra
De grutte Fryske iiskampioenen fan de koartebaan wiene ferneamd. It wiene manlju en froulju dy’t yn it begjin fan de 20ste ieu soms in hiele buorkerij mei lân en fee byelkoar rieden. Harren ferhalen binne optekene troch rasferteller Hylke Speerstra, dy’t yn dizze bondel sa’n sfear opropt dat men it iis knappen heart en de froast yn ‘e noastergatten fielt. Ek te keap as audioboek.

Jesse – Mindert Wijnstra
Joshua moat ferhúzje. Hy komt fan Ljouwert en giet mei syn mem by pake wenjen, op de pleats oan ‘e seedyk. Wêrom moast er sa hals-oer-de-kop ferhúzje en wurdt syn namme ynienen feroare yn Jesse? Joshua/Jesse hat it der dreech mei: de nijsgjirrigens fan de bern op it doarp, syn heit dy’t oppakt is, syn hûn dy’t net meiferhúzje koe en syn mem dy’t sa gau mooglik wer ferhúzje wol… Hoe slacht er him hjir trochhinne en wa kin hy fertrouwe? Lieke miskien? In famke dat ek oan de seedyk wennet. En dêr’t er ferlyfd op wurdt.