Dokter, mei it ek yn it Frysk?
De Afûk wurket mei Indiveo oan in Fryske voice-over foar in grut tal animaasjes dy’t yn alle Fryske sikehûzen beskikber komme. ’In emotionele situaties valt men graag terug op de moedertaal’ ljochtet Ralph Koppers, ien fan de inisjatyfnimmers fan Indiveo en longdokter yn it MCL ta, ‘het was dus een logische stap om een Friese versie te ontwikkelen. Mensen begrijpen de informatie in de eigen taal beter, en het is, op een of andere manier, minder bedreigend.’
Fan dizze hjerst ôf krije pasjinten yn de Fryske sikehûzen op in oantal ôfdielingen de pasjinte-ynformaasje yn sawol it Frysk as it Nederlânsk oanbean. Neist de pasjinte-ynformaasje sil der yn dy perioade ek omtinken jûn wurde oan it belang fan it brûken fan de eigen taal yn de sikehûzen. Douwkje Douma, projektkoördinator Frysk yn ’e soarch by de Afûk ljochtet ta: ‘It brûken fan de eigen taal soarget foar mear fertrouwen en ferbining tusken soarchfreger en soarchferliener. Dêrom komme wy mei in oantal aksjes en oanbod spesjaal foar de soarchferlieners yn de Fryske sikehûzen.’
Sjoch ek friesindezorg.frl.