Douwe Tammingapriis 2022 foar Paul van Dijk
‘Famke fan snie’ hat as sintraal tema it ferlies fan in lyts, tear famke en is opset as in symfony yn trije parten, rinnend fan mineur nei majeur. Mei orizjinele en fantasyrike bylden wit de dichter de lêzer mei te nimmen. Wat de bondel neffens de sjuery ek bysûnder makket is dat de dichter troch ferwizingen nei keunstuteringen yn muzyk, literatuer en skilderkeunst syn wurk ferknopet mei dat fan eardere keunstbruorren en -susters en sa wat fan har geast yn syn tekst bringt. Paul van Dijk (1981) is learaar Ingelsk en wûn earder twa kear in Rely Jorritsmapriis foar in fers. De D. A. Tammingapriis wurdt op 10 juny útrikt op Tresoar.