Earste Sutelaksje fan 2024 fan start yn marleafst fjouwer doarpen
Elisabeth Abels–Gorter, út namme fan de redaksje fan doarpskrante ‘Diggelfjoer’: “Wy hawwe ús poerbêst fermakke en in protte moaie reaksjes krigen. Der wienen in soad minsken ferrast mei it oanbod Fryske boeken. Wy hawwe yn ien jûn hiel wat Fryske boeken ferkocht en dêrmei in moaie ynstruier foar ús doarpskrante ophelle!”
It hiele jier troch wurde der yn gearwurking mei ferskate klups en ferienings rûnom yn Fryslân Sutelaksjes organisearre. Sa wurde der dit jier û.o. Fryske boeken sutele yn: Frjentsjer, Ryptsjerk, Jorwert, Berltsum, Menaam, Holwert, Bitgum, Bitgummole en Ingelum.
25% fan de opbringst is foar de klupkas
Ek in Sutelaksje oanfreegje? Of tsjekke wanneart de Sutelaksje by jim yn ‘e buert is? Sjoch www.sutelaksje.nl foar de aktuele Sutel-aginda of om jim feriening op te jaan. Want in Sutelaksje leveret in moaie bûssint op foar jim klup of feriening! (En oanmelden is hiel ienfâldich!)
(Foto: Jacob van Essen)